Ad de Bruine riddere

04 okt 2014 - 13:46

Ad de Bruine fan It Hearrenfean is sneon beneamd ta ridder yn de oarder fan Oranje Nassau. Hy krige it lintsje út hannen fan boargemaster Tjeerd van der Zwan. Dy die dat yn Nijkerk, by it kongres fan de Nederlânske stifting foar Gelaryngectomeerden. Dat binne minsken by wa't de strôtbal en de stimbannen ferwidere binne, meastentiids as gefolch fan kanker.

De 58-jierrige De Bruine skriuwt boeken oer syn eigen ûnderfinings mei de sykte, is lanlik foarsitter fan de stifting en oare fûnsen en jout foarljochting oan pasjinten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)