Ferkearskontrôle yn Harns

04 okt 2014 - 12:20

De plysje hat freed op ferskate plakken yn Harns kontrôles hâlden op oanhingweinen, lânbouferkear en brommers. De plysje kontrolearre op de technyske steat en de wize fan laden fan de kombinaasjes.

Acht bestjoerders krigen in proses-ferbaal, ûnder oare foar de ferljochting en remmen dy't net goed wurken. Ien brommer hie in glêde achterbân.

Trefwurden: 
ferkearskontrôle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)