CDA: Kredyt yn plak fan stipe

De provinsje Fryslân moat ôf fan syn rol as subsydzjeloket. Yn plak dêrfan moatte der krediten útjûn wurde. Dat sei CDA-Twadde Keamerlid Sander de Rouwe sneontemoarn yn Ljouwert by syn útferkiezing ta listlûker fan dy partij foar de steateferkiezings fan maart. Neffens De Rouwe makket subsydzje loai. In kredyt, in liening, jout minsken mear druk om te prestearjen. Dat moat mear banen opsmite.
Boppedat, sa seit De Rouwe, wurde krediten werombetelle, sadat it jild op 'e nij ynset wurde kin.
Op deselde gearkomste waard Bé de Winter keazen ta listlûker foar de partij foar de Wetterskipsferkiezings. De Winter sjocht it as syn taak om de lêsten sa leech mooglik te hâlden.