Mear materieel nei Jordanië

03 okt 2014 - 16:18
  • Antonov-fleantúch op de fleanbasis yn Ljouwert

Der set freedtenacht op 'e nij in grut Antonov transportfleantúch ôf fan de fleanbasis Ljouwert. It fleantúch bringt materiaal nei Jordanië, dêr't yn Mwaffaq Salti de útfalsbasis is fan de Nederlânske missy dy't besiket IS te bestriden.

It is foar de twadde kear dizze wike dat der in transportfleantúch fanút Ljouwert rjochting Jordanië fljocht. It giet om in Antonov, dy't hierd wurdt fan Oekraïne. Mei-elkoar dogge 250 militêren fan de Ljouwerter basis mei oan de missy en wurde der seis F-16's ynset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)