Gjin treinen Ljouwert-Starum

03 okt 2014 - 15:18
  • Arriva bus

Reizgers tusken Ljouwert en Starum moatte dit wykein rekken hâlde mei fertraging. Fanwege wurk oan it spoar ride der gjin treinen, mar wurde bussen ynset. Dy dogge oant in healoere langer oer de rit. Ynstappe kin by alle stasjons lâns de spoarline.

Ferfierder Arriva warskôget reizgers dat der gjin fytsen yn de bus meinaam wurde kinne en dat minsken yn in rolstoel foarôf kontakt opnimme moatte. Wa't mei de bus wol, moat by it treinstasjon ynchekke mei in OV-chipkaart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)