Nije wetterwinput Vitens

03 okt 2014 - 15:11

Drinkwetterbedriuw Vitens hat freedtemiddei in nije wetterwinput yn gebrûk naam. De put yn Noardburgum is ûntwikkele om foar te kommen dat der aanst yn it doarp gjin wetter mear wûn wurde kin. Dat komt omdat de grûn der hieltyd sâlter wurdt. Mei de nije put slagget it om sâlt- en swietwetter te skieden.

Doel is dat de put op termyn ek yn oare lannen brûkt wurdt. It giet dan bygelyks om Florida en Yndonezië, dêr't de grûn ek hieltyd sâlter wurdt. Vitens hat de put ûntwikkele yn gearwurking mei oare bedriuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)