Undersyk sprekkoaren H'fean

03 okt 2014 - 14:41

De oanklager betelle fuotbal fan de KNVB is freed in ûndersyk begûn nei de sprekkoaren by SC Hearrenfean tsjin skiedsrjochter Kevin Blom. De sprekkoaren ûntstiene ôfrûne snein ûnder de wedstryd fan Hearrenfean tsjin PSV, nei't Blom fuotballer Stefano Marzo mei in reade kaart fan it fjild stjoerde.

De klup moat oan de KNVB útlizze wat der dien is om de sprekkoaren foar te kommen en te bestriden. Derneist moat se útlizze wat der dien is om de dieders op te spoaren en te straffen. De oanklager wol foar 15 oktober in antwurd fan SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)