Bouwer Van Norel krijt gelyk

Boubedriuw Van Norel hat fan de rjochter gelyk krigen yn it skeel mei De Lawei yn Drachten. De Lawei moat fan de rjochter alle iepensteande rekkens betelje. It giet om rekkens mei in totaalbedrach fan 2,3 miljoen euro.
Dêrneist moat De Lawei in bankgarânsje ôfjaan fan fjouwer ton foar wurk dat eventueel noch betelle wurde moat. As De Lawei de rekkens foldien hat, moat it boubedriuw it terrein frijjaan. Dat moat binnen 24 oeren dien wurde. Docht it bedriuw dat net dan moat it 10.000 euro per dei oan boete betelje.
It skeel tusken de bouwer en De Lawei ûntstie omdat de skouboarch fûn dat de bouwer syn wurk net goed útfierde en ophâlde moast. Van Norel liet dêrnei beslach lizze op it bouterrein. Omdat de twa der net útkamen, waard in oardiel frege fan de Raad van Arbitrage voor de bouw. Dy't hat de saak moandei behannele en freedtemiddei útspraak dien.
De rie hat by syn útspraak net sjoen nei de kwaliteit fan it wurk dat Van Norel levere hat. Mocht De Lawei dêr noch in oardiel oer ha wolle, dan moat der noch in aparte proseduere begûn wurde.