Earste militêren op missy-plak

03 okt 2014 - 12:46

De earste groep personiel fan de fleanbasis Ljouwert is oankaam op de fleanbasis Mwaffaq Salti yn Jordanië. De basis leit sa'n 250 kilometer fan de grins mei Irak. Minister-presidint Mark Rutte sei tongersdei dat de F-16's fan takom wike ôf ynset wurde kinne yn de striid tsjin IS.

Op dit stuit binne der al trije F-16's yn Jordanië. De oare fiif binne freedtemoarn ôfset fan fleanbasis Volkel. Dan reizget ek de lêste groep personiel ôf nei Jordanië. Mei-inoar giet it om 250 man. In grut part dêrfan is ôfkomstich fan de fleanbasis Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)