Epke goed by WK-kwalifikaasjes

Epke Zonderland © ANP
De Nederlânske turners, mei Epke Zonderland yn it team, hawwe freed op it WK yn it Sineeske Nanning gjin flaters makke yn de kwalifikaasje. Nederlân waard 18e en is dêrmei wis fan dielname oan de WK yn Glasgow takom jier. Yn Glasgow is in ticket foar de Olympyske Spelen yn Rio 2016 de ynset.
Epke kaam út op 'syn' ûnderdiel rekstôk en helle in puntetotaal fan 15,600. Dêrmei giet er nei trije fan de tsien startgroepen oan de lieding. Op brêge stiet Epke fjirde mei in skoare fan 15,083. De bêste acht turners geane troch nei de tastelfinales.