Studinten op besite by Liudger
Learlingen fan it CSG Liudger yn Burgum krije freed besite fan 22 studinten fan de master Meartaligens fan de Ryksuniversiteit Grins. It doel fan de besite is dat de Grinzer studinten sjen kinne hoe't it lesjaan op in meartalige skoalle der útsjocht.
By de besite sille de studinten in les folgje en krije se boppedat in rûnlieding troch de skoalle.