Weijers hat Anton Wachterpriis

De Anton Wachterpriis © Centraal Comité 1945
Niña Weijers út Nijmegen is de winner wurden fan de Anton Wachterpriis 2014. De skriuwster krige de priis foar har debútroman De Consequenties. Weijers studearre literatuerwittenskip yn Amsterdam en Dublin, is redakteur by De Gids en skriuwt ûnder oare foar De Groene Amsterdammer.
It Centraal Comité 1945 rikt yn gearwurking mei de gemeente Harns en de Vestdijkkring de 19e Anton Wachterpriis út op 8 novimber yn de Grutte Tsjerke fan Harns.