Winterrêstgebieten wreidzje út

02 okt 2014 - 19:28

De winterrêst op de Fryske marren wurdt dit jier útwreide mei nasjonaal park De Alde Feanen. Dat betsjut dat dêr yn in tal grutte wetters fan 1 oktober oant 1 april parten ôfset wurde mei boeien, dêr binnen meie einen en guozzen net fersteurd wurde.

Ferline jier is dizze earekoade ynfierd yn dielen fan de Fryske marren. Deputearre Johannes Kramer slút net út dat der de kommende jierren noch mear gebieten komme dêr't de winterrêst jilde sil. Hy tinkt dan oan de saneamde Natura 2000-gebieten lykas de Lauwersmar en de Iselmarkust.

Yn De Alde Feanen wiene der ek al ôfspraken makke oer it winterdeis mei rêst litten fan gebieten lykas de Saiterpetten. De nije oanpak mei boeien jout wat mear romte. Nij is ek dat minsken mei de Marrekrite-app op de tillefoan melde kinne as se immen sjogge dy't wol yn in winterrêstgebiet komt. Dat is lykwols net bedoeld om de plysje te warskôgjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)