Deltakommissaris yn Holwert

Deltakommissaris Wim Kuijken is ûnder de yndruk fan de plannen foar Holwert oan see. De kommissaris liet him tongersdei ynformearje oer de plannen om de dyk by Holwert troch te stekken en it toerisme yn it achterlân fierder út te wreidzjen. Kuijken is as Deltakommissaris ferantwurdlik om Nederlân de kommende desennia te beskermjen tsjin it wetter.
Kuiken hat lykwols syn twivels oft it plan fan Holwert oan see ek geskikt is as it giet om it beskermjen fan Noard-Fryslân tsjin it hege wetter.