Winkels foar ROC-studinten

Studinten Detailhandel fan de ROC Friese Poort yn Drachten kinne tenei foar de staazje terjochte yn fjouwer nije winkels yn it sintrum fan Drachten. It projekt wurdt organisearre troch de skoalle yn gearwurking mei de bedriuwen ReGoed en Proveiling. Dizze bedriuwen soargje foar de produkten yn de winkels, wylst de stazjêres de winkels draaiende hâlde meie.
De fjouwer winkels hawwe allegearre oar guod te keap. Sa kinne de minsken terjochte by Home en Office, Kids, Fashion en Bijoux & Body.
Tongersdeitejûn sil it projekt yn de Home & Office winkel iepene wurde.