Littenseradiel: diken opknappe

02 okt 2014 - 15:58
  • Gemeente Littenseradiel

Littenseradiel stekt in miljoen euro yn feiligens en it ferbetterjen fan diken en de ynfrastruktuer. Dat stiet yn de mearjierrebegrutting dy't de gemeente tongersdei presintearre. Der wurdt ûnder oare jild stutsen yn de tagongsdiken fan Wommels, it ferbetterjen fan de diken yn Weidum en in grutter parkearterrein by it stasjon yn Mantgum.

Ek wurdt jild útlutsen foar de lêste faze fan it fytspaad lâns De Swette en it oanlizzen fan in keunstgersfjild yn Easterein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)