Telekonsulten by Tjongerskâns

© Omrop Fryslân
Húsdokters kinne sûnt woansdei in medysk spesjalist fan sikehûs Tjongerskâns freegje om in telekonsult foar in pasjint. De húsdokter stjoert oer in befeilige elektroanysk kommunikaasjesysteem in fraach nei in spesjalist. Dêrby kinne ferskate bylagen meistjoerd wurde, lykas foto's mar ek ECG's of oare ûndersiken. De spesjalist jout op basis fan dizze ynformaasje in advys oan de húsdokter.
De pasjint hoecht dan net sels nei it sikehûs te kommen. Mei it telekonsult wol de Tjongerskâns húsdokters in moderne foarm fan soarch biede.
It doel is om de soarch safolle mooglik troch húsdokters útfiere te litten mei stipe fan de spesjalist. Oer trije moannen wurdt de pilot evaluearre. Op dit stuit wurdt it systeem brûkt troch de spesjalisten fan dermatology, kardiology en longgenêskunde. Wannear't de resultaten posityf binne, wurde ek oare spesjalismen oan de pilot taheakke.