Kanaal 30 giet op doarpetoer

02 okt 2014 - 15:30

Tal fan doarpen yn Tytsjerksteradiel sille meikoarten fan har hearre litte yn it nije programma 'It lûd fan', dat makket wurdt troch lokale omrop RTV Kanaal30 en wolwêzenorganisaasje KEaRN. Bewenners, bedriuwen en maatskiplike organisaasjes wurde útnoege om har ferhaal oer it doarp te fertellen. Mei in doarpebesite giet de lokale omrop ek op besite by minsken thús. Dêrfoar is in spesjale radiostudio boud.

De doarpen Eastermar, Burgum, Sumar, Garyp, Jistrum, Noardburgum en Earnewâld binne as earste oan bar.

As it programma in súkses is, wurde ek oare regio's oandien. De earste útstjoering út Eastermar is tongersdeitemiddei en duorret fan 17.00 oant 19.00 oere. It programma is te beharkjen op 105 en 107.8 FM.

Trefwurden: 
Kanaal 30 lokale omrop
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)