Terapeute beskriuwt lulke bern

02 okt 2014 - 14:18

Terapeute Reinette Monsma fan Kinnik hat in boek skreaun oer lulke buien by bern. It boek hjit 'Rambam Ramla... De boze bui'. Neffens Monsma kin it foar âlden lestich wêze as harren bern lulk wurde. Om harren op dat mêd te helpen hat Monsma it berneboek skreaun. It ferhaal giet oer de fiifjierrige Leon, dy't sa út en troch poer wurdt. Dit neamt hy Rambam Ramla.

Mei syn âlden giet Leon op syk hoe't hy Rambam Ramla better opkeare kin. Monsma hopet dat it boek âlden en bern helpt om makliker oer harren eigen problemen te praten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)