Hemmen trije wedstriden skorst

02 okt 2014 - 13:55

Michel Hemmen mei de kommende trije wedstriden net yn aksje komme foar SC Cambuur. De oanfaller akseptearre tongersdei it foarstel fan de oanklager betelle fuotbal om him foar fjouwer wedstriden te skorsen, wêrfan ien op betingst. Hemmen krige de straf foar de stjit mei de earmtakke, dy't hy útdielde oan Sander Fischer fan Excelsior. Hjirtroch mist hy ûnder oaren de Fryske derby tsjin SC Hearrenfean, dy't snein 19 oktober spile wurdt.

De oanklager kaam ta syn skikkingsfoarstel nei it bestudearjen fan fideobylden fan de wedstriid. De skiedsrjochter hie de oertreding fan Hemmen net waarnommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)