Riis hat in soad fragen

Doarpsbelang Riis krijt in soad fragen fanút it doarp oer de mooglike plannen foar in asylsikerssintrum yn Mooi Gaasterlân. De fertsjintwurdigers hoopje op koarte termyn mear dúdlikens te krijen fan de gemeente oer de status fan it plan. Doarpsbelang twivelet noch bot oer wat se fan it foarnimmen fine.
Se begripe dat asylsikers in plak nedich hawwe, mar om dêr in lyts doarp foar út te sykjen dat dan ynienen trije kear sa grut wurdt, dat giet wol wat fier, fynt Doarpsbelang. Tongersdei is der in ynformaasjejûn foar alle ynwenners fan Riis.
It COA hat al oanjûn dat de plannen foar Riis noch net konkreet binne en dat se hast alle gemeenten benaderje mei de fraach oft se romte hawwe om asylsikers op te heinen.