"Plannen Riis net konkreet"

02 okt 2014 - 11:29

Der binne noch hielendal gjin konkrete plannen foar it opheinen fan asylsikers yn Riis. Dat seit it Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers. Neffens it COA hat der ien petear west mei gemeente de Fryske Marren oer de mooglike opfang fan flechtlingen op it terrein fan Mooi Gaasterland. Mar der is net praat oer oantallen of oer hoelang't der minsken opheind wurde soene.

It COA benaderet hast alle gemeenten yn Nederlân mei de fraach oft se romte ha om flechtlingen op te heinen. Sadree't de plannen konkreet wurde, komt it COA der mei nei bûten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)