Gemeente keapet Blokhúspoarte

02 okt 2014 - 11:23
  • It kontrakt waard ûndertekene yn - fansels - de Blokhúspoarte
  • Der wie aardich wat mediabelangstelling foar de ferkeap

De gemeente Ljouwert nimt de Blokhúspoarte oer foar it symboalyske bedrach fan 1 euro en ferkeapet de âlde finzenis troch oan Stichting Boei. Dy hâldt him dwaande mei de werbestemming fan yndustriëel erfguod. De kommende moannen sil Boei plannen meitsje foar de Blokhúspoarte. De yntinsje is dat de bedriuwen dy't der no sitte bliuwe kinne.

Fierder wurdt sjoen oft bygelyks de bibleteek of in jeugdherberch dêr plak krije kinne. De gemeente bliuwt eigener fan de grûn fan de Blokhúspoarte.

Fierder stekt Ljouwert twa miljoen euro yn de oanpak fan de omjouwing fan de Blokhúspoarte. Under oare de rûtes nei it sintrum ta wurde oanpakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)