Bêste oranjekoeke wer út Snits

02 okt 2014 - 10:47
  • De winners fan oranjekoekekeuring op in rychje

Banketbakkerij de Korenbloem yn Snits hat woansdei de titel 'Bêste Fryske Oranjekoeke' wûn. It is de fiifde kear dat de Snitser bakker de priis wint. De wedstriid wie in inisjatyf fan de NBOV, de Nederlânske Bôle en Banketbakkers Undernimmersferiening. Op it twadde plak einige De Bakkers van Verloop fan De Gordyk. Bakkerij Boonstra út De Knipe waard tredde.

Dit jier wie der foar it earst ek in ynnovaasjepriis. Dizze titel gie nei Bakkerij Boonsta. Dy hie in stik bôle makke fan Frysk moal en bakt yn in blompot ynlevere.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)