RAV Fryslân sil ek fleane

02 okt 2014 - 10:28

RAV Fryslân, de Fryske ambulânsesoarch, nimt it pasjinteferfier nei de Waadeilannen oer fan definsje. RAV hopet op 1 july 2015 mei de fluchten te begjinnen. Oant dy tiid docht de SAR-helikopter fan definsje dat. De RAV en definsje binne op haadlinen akkoart. Der moat noch wol oer de sinteraasje praat wurde mei De Friesland.

Wat it stânplak fan de Eurocropter EC-135 helikopter wurdt, is noch net wis. Nei alle gedachten giet it tusken Eelde en Ljouwert. Dit plak krijt 24-oeren deis besetting.

Mooglik dat de ambulânsesoarch de helikopter yn de takomst njonken de Waadeilannen ek ynsette wol foar pasjinteferfier op it fêstelân fan Fryslân. RAV Fryslân nimt allinnich it pasjinteferfier nei de eilannen oer fan definsje. It útfleanen yn needsituaaasjes, lykas skipsûngelokken, sil RAV Fryslân net dwaan. Foar it oernimmen fan dizze Search and Rescuetaak is definsje yn petear mei oare partijen.

Trefwurden: 
SAR helikopter ambulânse
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)