Feanster fernielt byldskermen

02 okt 2014 - 10:03

De plysje hat woansdei op It Hearrenfean in man (25) út dat plak oppakt op fertinking fan fernieling. De man hie yn in bedriuw op Businesspark Friesland ferskate byldskermen fernield.

De man hie by it bedriuw oanbelle en waard der troch in meiwurkster ynlitten. Doe't de man yn it gebou wie smiet er ferskate byldskermen op de grûn. De man belle sels mei de plysje om harren te ynformearjen oer syn aksje. De plysje hat de man oanslutend oppakt en meinommen. De man makke op de plysje in betize yndruk. It dupearre bedriuw hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
fernieling byldskerm
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)