Plysje-auto rydt scooter oan

Plysje © ANP XTRA
In 30-jierrige scooterrider út de gemeente It Bilt is woansdeitejûn licht ferwûne rekke by in oanriding mei in plysje-auto op de Mariahof yn Boalsert. De man wie nei alle gedachten ûnder ynfloed. De plysje woe de scooterrider kontrolearje om't er sûnder ljocht en helm ried, mar de man negearde in stopteken.
De plysje-auto koe dêrop de scooter net mear ûntwike. Nei syn arrestaasje die bliken dat de fertochte gjin rydbewiis hie en noch in selstraf fan 15 dagen útsitte moast.