Foarstellings Lawei yn tinte

01 okt 2014 - 14:34

De grutte foarstellings fan skouboarch De Lawei yn Drachten wurde fan dizze wike ôf spile yn in tinte. Dy stiet op it skoalplein fan de boargemaster Wuitewei 55, dêr't no ek it tydlike kantoar fan De Lawei sit. Yn de tinte is plak foar sa'n 700 minsken en hy is bedoeld foar de grutte foarstellings dy't al boekt wiene foar de nije Lawei.

De ferbouwing fan De Lawei is noch net klear fanwege in konflikt mei de oannimmer. Omwenners sille grif wat fernimme as der in foarstelling is, al sil net yn de rjochting fan de bewenners spile wurde.

Op tal fan oare lytsere lokaasjes wurde ek foarstellingen hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)