Hearrenfean hoecht Brama net

01 okt 2014 - 13:40
  • Wout Brama, FC Twente

SC Hearrenfean hat gjin ynteresse yn middenfjilder Wout Brama. Dat sei technysk direkteur Hans Vonk. Syn namme is wolris fallen by Hearrenfean, mar de ynteresse yn de spiler wie nea konkreet. Brama is sûnt july transferfrij, nei't hy syn kontrakt by FC Twente net ferlinge woe.

De Feanster fuotbalklup hat oant en mei freed in Braziliaanske oanfaller op proef. De 18-jierrige Gabriel Almeida krijt de kâns om him sjen te litten oan de technyske stêf. Neffens Vonk is Almeida in spiler dy't op meardere plakken yn de oanfal út de fuotten kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)