Haadredakteur by Omrop wei

Diederik Bonarius © Omrop Fryslân
Haadredakteur Diederik Bonarius nimt ôfskied fan Omrop Fryslân. Bonarius hat in baan oannommen by RTL Nederlân. Hy sil dêr fan 1 novimber ôf de funksje besette as sjef binnenlân/nijstsjinst fan RTL nijs.
Bonarius is yn septimber 2012 by de Omrop begûn, earst yn de rol fan ynterim haadredakteur. Omrop-direkteur Jan Koster neamt it spitich dat Bonarius fuort giet, mar respektearret syn beslút.