CityRock krijt ferfolch

01 okt 2014 - 10:37
  • Aldehoustertsjerkhôf grôtfol mei metalleafhawwers

CityRock Leeuwarden krijt in ferfolch. It festival wurdt takom jier foar de twadde kear hâlden. De organisaasje hat de earste band al fêstlein, de Nederlânske groep Stream of Passion. CityRock is op 7 augustus 2015 op it Aldehoustertsjerkhôf. De earste edysje luts 3.500 besikers. In dei letter wurdt op itselde plak it metalfestival Into the Grave hâlden. Dêr steane ûnder oare Sepultura en Avatar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)