Opknapbeurt foar Jouster park

It Jouster park Herema State krijt in flinke opknapbeurt. Yn de rin fan takom jier wurde ûnder oare ferdwûne paden werombrocht en wurdt fan de twa dielen dêr't park no út bestiet mear ien gehiel makke. By it wurk wurdt sjoen nei it ûntwerp dat de ferneamde túnarzjitekt Roodbaard foar Herema State makke. Neffens de gemeente is it finansjeel it meast oantreklik om nei syn ûntwerp te sjen, omdat dêr op dit stuit noch it meast fan oer is. Fierder werom gean yn de skiednis fan it park út 1600 soe tefolle kostje.
De gemeente hat in ton beskikber foar de opknapbeurt. Mooglik dat op termyn noch mear âlde eleminten werombrocht wurde, mar op dit stuit is dêr gjin jild foar.