Lekker Sneek skinkt AED's

01 okt 2014 - 06:17

Snits hat der trije AED's by. De reanimaasje-apparaten binne oanskaft mei in diel fan de opbringst fan it evenemint Lekker Sneek, dat yn de simmer hâlden waard. Neffens tradysje giet tsien prosint fan dy opbringst nei it goeie doel. Earder waard ûnder oare jild skonken oan de Stichting Leergeld en it Sneker Glazen Huis.

De AED's komme te hingjen by hoarekagelegenheden yn de binnenstêd fan Snits.

Trefwurden: 
Snits AED Lekker Sneek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)