Kontenerbrân Tinga Deuren

© Hendrik Jellema
De brânwachtkorpsen út Wommels en Mantgum binne tiisdeitejûn in skoft dwaande west om in kontenerbrân achter it bedriuw Tinga Deuren yn Winsum te blussen. Yn in grutte boukontener mei ôffal dy’t hast tsjin in gebou stie wie brân ûntstien. Der kamen grutte reekwolken frij. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Der wurdt ûndersocht hoe't de brân ûntstien is.