Boatsjedieven oanhâlden

30 sep 2014 - 21:30
  • Boeien

In 17-jierrige jonge út Boalsert en in 29-jierrige man út Makkum binne oanhâlden foar it stellen fan in speedboat. De boat waard earder stellen út de Melkfeart by Wûns. De plysje fûn it boatsje werom oan de Essenburg yn Boalsert. Ut it ûndersyk kamen beide manlju as fertochte nei foaren. De boat is werom nei de eigener.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)