Himpkwekerij yn Drachten
Yn in hûs oan de Middelwyk yn Drachten is tiisdei in himpkwekerij oantroffen. Yn it hûs fûn de plysje mear as 400 planten. Dy binne ferneatige. De 37-jierrige bewenner is oanhâlden. De man is nei it ferhear nei hûs ta stjoerd.