W'stellingwerf: lêsten gelyk

30 sep 2014 - 20:14
  • Wethâlder Jack Jongebloed mei begrutting

De gemeente Weststellingwerf hat tiisdei in slutende begrutting presintearre. Wethâlder Jack Jongebloed fan finânsjes is der grutsk op dat it slagge is, sels sûnder dat de lêsten omheech gean. De finansjele útwurking fan de saneamde transysje dy't op 1 jannewaris plak fynt, is noch wol wat ûnwis.

De gemeente nimt dan rykstaken oer op it mêd fan soarch- en helpferliening. Der is troch Weststellingwerf wol ekstra jild reservearre om foar te kommen dat minsken 'tusken wâl en skip' falle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)