Jild foar Waterstad A7

30 sep 2014 - 19:08

De gemeente Súdwest-Fryslân krijt in bydrage fan 750.000 euro fan de provinsje foar it projekt Waterstad A7. It giet om de oanlis fan in farferbining tusken De Geau en de Wâldfeart, oan de stedskant fan de A7. It projekt is foar in grut part klear, mar de farferbining is it belangrykste en lêste ûnderdiel dat noch oanlein wurde moat. It wurk wurdt yn trije dielen dien en moat yn de simmer fan 2015 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)