Iepenbier ferfier yn de lift

30 sep 2014 - 18:10

It iepenbier ferfier yn Fryslân sit wer yn de lift. Yn de earste seis moanne fan dit jier waard rom 400-tûzen kear mear mei bus en trein reizgje as ferline jier. Dat docht bliken út sifers fan de ferfiersbedriuwen en de provinsje. Wêr't de groei krekt troch komt, is neffens de provinsje net te sizzen. Wol is dúdlik dat hieltyd mear minsken de OV-chipkaart brûke foar harren reis. Ferline jier wie der sprake fan in flinke ôfname fan it tal reizgers. De groei fan no is likernôch gelyk oan de ôfname fan ferline jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)