Cambuur-Hearrenfean yn top 5

Plysje op hynder nei wedstriid Cambuur-Hearrenfean © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De fuotbalwedstriid tusken SC Cambuur en SC Hearrenfean stiet yn de top fiif fan wedstriden mei de measte plysje-ynset fan it ôfrûne fuotbalseizoen. Dat docht bliken út it jierferslach fan it Sintraal Ynformaasjepunt Fuotbalfandalisme. Foar de Fryske derby hat de plysje 1945 oeren yn 't spier west. Dêrmei stiet de wedstriid op it fiifde plak.
De wedstriid mei de measte plysje-ynset wie de bekerfinale tusken PEC Zwolle en Ajax. Hjir hy de plysje 4045 manoeren foar nedich.