Skier tsjin boarplatfoarm

30 sep 2014 - 14:38

No't it wynmûnepark net trochgiet, rjochtet de wurkgroep Horizon Schiermonnikoog no de pylken op de komst fan in boarplatfoarm benoarden it eilân. De wurkgroep op Skiermûntseach is dêr ek fûl op tsjin. De kommende tiid wurdt it spannend, want dan binne der proefboarrings. As de resultaten dêrfan dúdlik binne, falt der in beslút oer it boarplatfoarm.

De wurkgroep is bliid dat de plannen foar it wynmûnepark net trochgean. It kabinet woe in wynmûnepark boppe It Amelân en Skiermûntseach oanlizze, mar dat is fan de baan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)