Skipsmodel yn 'e brân stutsen

30 sep 2014 - 13:22
  • Hergaarden mei syn ôfbaarnd skipsmodel

In drama foar de 75-jierrige modelbouwer Henk Hergaarden út Ljouwert. Syn skipsmodel Catharina fan in boeier dêr't er goed in jier oan wurke hat, is troch brân fernield. Neffens Herwaarden is dat twa wike lyn dien troch in Amerikaan dy't stasjonearrre is op de fleanbasis. Dat sei alteast de plysje tsjin Hergaarden. De Amerikaans bruts yn yn syn auto, helle it skip derút en stuts it twa meter lange skipsmodel yn 'e brân.

De fernieling is grutte tebeksetter foar de modelbouwer dy't in soad tiid en leafde yn it skip stutsen hat. Hy hat in protte details yn it skipke oanbrocht en dat is no allegearre ferlern gien. Hergaarden sil it ferbaarnde skip net wer opbouwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)