Seehûnen yn beslach naam

30 sep 2014 - 12:01

Twa seehûnen binne tiisdei yn beslach naam by in partikulier. De Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA) ûntduts de bisten by in kontrôle. It is ferbean om sûnder fergunning thús in seehûn te hawwen. De kontrôles binne útfierd nei meldings fan ynwenners fan Skylge en It Amelân.

Yn juny en augustus binne ek al fjouwer seehûnen by partikulieren weihelle. Dy minsken hawwe doe in proses-ferbaal krige. Neffens de NVWA is it in nij ferskynsel dat partikulieren thús in seehûn hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)