Oenema Transport fallyt

Transportbedriuw Oenema op It Hearrenfean freget it fallisemint oan. It bedriuw kin de holle finansjeel net mear boppe wetter hâlde. Neffens it management en it fakbûn binne lege prizen yn de sektor de haadoarsaak dêrfan. De 30 oant 35 meiwurkers fan Oenema Transport krije dien.
Oenema kaam yn augustus yn it nijs om't se Bulgaarske sjauffeurs yn tsjinst hiene. Fakbûn FNV makke dêr beswier tsjin, wêrnei't Oenema dêrnei ophâlde. Dy saak stiet los fan it fallisemint, neffens Oenema. It fallisemint jildt net foar it taksyferfier fan Oenema.