Ried praat jûn oer Lawei

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De ried fan Smellingerlân praat tiisdeitejûn oer de problemen by De Lawei. De ferbouwing fan de skouburch leit stil fanwege in skeel mei oannimmer Van Norel. As de oannimmer gelyk kriget fan de Ried fan Arbitraazje foar de Bou, komme alle kosten by De Lawei te lizzen.
Boargemaster en wethâlders freegje de gemeenteried om foar 3,4 miljoen euro garant te stean foar De Lawei.