Boete foar gjin rydbewiis

30 sep 2014 - 10:04

De plysje hat moandeitenacht yn Wolvegea in 28-jierrige ynwenner fan dat plak trappearre op riden sûnder rydbewiis. De man besocht te ûntkommen oan in plysjekontrôle, mar koe dochs steande hâlden wurde.

De man hat in bekeuring krige foar it net hawwen fan in rydbewiis en ek ien omdat er gjin legitimaasje by him hie.

Trefwurden: 
rydbewiis Wolvegea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)