NL foar en RO achter op auto

30 sep 2014 - 09:59

De plysje fertinkt twa Roemenen fan it stellen fan in kenteken en fan ferbean wapenbesit. De twa waarden moandei oppakt yn Snits nei tips fan omstanners dat se foarop har auto in Nederlânske kentekenplaat hienen en achterop in Roemeenske. Ut ûndersyk die bliken dat de Nederlânske kentekenplaat stellen wie yn Snits.

Yn de auto fûn de plysje ynbrekkersark, in hakbile en saneamde smoarstokjes, oarspronklik ôfkomstich út easterske fjochtsporten. Dy falle ûnder de ferbeane wapens. De twa Roemenen binne oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)