"Mear motorriders op kursus"

It tal motorriders dat in feilichheidskursus folget, moat omheech. Dat fynt de Koninklijke Nederlandse Motorrijders Vereniging. De kursus wiist motorriders op gefaren dy't se ûnderweis tsjinkomme kinne. Neffens de feriening soene benammen motorriders dy't al langer in rydbewiis hawwe de kursus folgje moatte.
De provinsje Fryslân stiet ek op dat stânpunt. Dy nimt dêrom in part fan de kursuskosten op him. De kursus is ûnder oare te folgjen by it ferkearsedukaasjesintrum yn Drachten.