Boargerinisjatyf Suwâld

30 sep 2014 - 06:58

De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel bûcht him yn oktober oer in fersyk om de Symen Halbeswei by Suwâld feiliger te meitsjen foar fytsers en kuierders. It fersyk komt fan in ynwenster fan Suwâld, dy't mei help fan doarpsbelang in boargerinisjatyf yntsjinne hat.

Neffens de inisjatyfnimster wurdt op de Symen Halbeswei fierste hurd riden en smyt dat gefaarlike sitewaasjes op foar fytsers en kuierders. Se freget de gemeenteried dêrom maatregels te nimmen.

De maatregels soene ûnder oare bestean kinne út de oanlis fan in fytspaad of bredere stroken yn de dyk, dêr't auto's lânbouferkear foarby gean kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)