Kampanje tsjin ôffaldump

© Omrop Fryslân, Geale Groen
In provinsjale kampanje moat it delsmiten fan ôffal yn de natuer tsjingean. De kampanje duorret trije moannen en is in inisjatyf fan de provinsje, plysje, twa natuerorganisaasjes en de Fryske gemeenten. Mei posters, spotsjes op televyzje en ynternet wurde minsken wiisd op de gefaren fan it weismiten fan ôffal en de ûntsierende effekten dêrfan foar de natuer.
Ferline jier wiene der goed 230 meldingen fan ôffal yn ús provinsje. It opromjen dêrfan kostet de mienskip tûzenen euro's.